Dronken man rydbewiis kwyt

15 nov 2012 - 10:55
  • Drank

In 25-jierrige man fan De Rottefalle is woansdeitenacht syn rydbewiis kwytrekke fanwege it riden mei drank op. De plysje seach de man mei hege snelheid oer de Noardkade yn Drachten riden en hold him úteinlik op de Oudeweg oan. De man waard meinommen nei it buro foar in ademtest en dêrút waard dúdlik dat hy fierste folle dronken hie. Hy krige in rydferbod en in bekeuring. Boppedat waard er fêstsetten, omdat hy earder op de jûn belutsen wie by de bedriging fan de eigner fan in kafee oan de Noardkade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)