Dronken man rydbewiis kwyt

18 aug 2012 - 11:50

In 30-jierrige ynwenner út Skarsterbrêge moast freedtenacht yn Sint Nyk syn rydbewiis ynleverje, omdat hy ûnder ynfloed wie fan alkohol. De man waard oanholden neidat de plysje sjoen hie dat er de ferkearde kant fan de rotonde op de Lemmerwei naam.

De man út Skarsterbrêge is ek oanmeld foar it saneamde alkoholslotprojekt. Yn dat gefal wurdt der in spesjaal slot yn de auto ynboud dat foarkomt dat de bestjoerder autoride kin mei tefolle drank op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)