Dronken man ramt plysjeauto

05 apr 2008 - 12:37

Nei in wylde achterfolging hat in 42-jierrige man út Wolvega in plysjeauto ramd mei syn terreinauto. Op de sneldyk A32 woe de plysje IJsselland de man kontrolearje, mar de Wolvegeaster naaide mei in gong fan 190 yn de oere út. Op de Heerenveensweg by syn wenplak ramde hy de plysjeauto en waard úteinlik troch meardere plysjeauto's klemriden.

De man hie fierstente folle dronken. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)