Dronken man is it paad bjuster

10 apr 2012 - 19:17

By de McDonalds op It Hearrenfean hat moandeitemiddei in dronken man foar in ravaazje soarge. De 55-jierrige Hearrenfeanster ried mei syn auto fan it parkearterrein dwers troch it perkje de dyk op. Op de rotonde even fierderop rekke hy earst in reklameboard, doe in lantearnepeal en kaam doe tsjin in beam ta stilstân. Brânwachtminsken en ambulânsemeiwurkers hawwe him út de auto helle. Omdat er nei alle gedachten dronken hie, is syn riidbewiis yn beslach naam. De man is mei de sike-auto nei de Tjongerskâns brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)