Dronken man dielt klappen út

05 feb 2013 - 13:55
  • Geweld

De plysje hat moandeitenacht in 41-jierrige Ljouwerter oanholden foar mishanneling. De man wie yn beskonken tastân yn in kroech oan de Alde Doelesteech yn sliep fallen. Doe't de protier him út de saak sette woe, dielde de man klappen út. De portier rekke dêrby licht ferwûne. De fertochte waard oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. De 26-jierrige portier die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)