Dronken man botst op fangrail

02 nov 2013 - 12:12

In 28-jierrige ynwenner fan Gerkeskleaster hat sneontemoarn betiid in oanriding feroarsake op de A& by it Grinslanner De Like. In plysjeman yn boarger seach dat de bestjoerder by de rykswei tsjin de fangrail oankaam, om dêrnei wer fierder te riden. De man koe by in tankstasjon oanholden wurde. Ut in azemanalyze die bliken dat de man tefolle alkohol dronken hie.

Syn rydbewys is ynfoardere en de man krige in rydferbod. Der is ek proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)