Dronken lju Opsterlân oanpakke

01 nov 2006 - 13:59

Boargemaster Sicko Heldoorn fan Opsterlân wol op koarte termyn oerlizze mei plysje, hoareka, middenstân en pleatslik belang oer de oanpak fan dronken publyk by eveneminten en feesten.

Oanlieding binne de fjochtpartijen fan moandei by in jiermerk op De Gordyk. Plysjes dy't yngripe woene, waarden bedrige troch in groep dronken minsken. Ien plysje krige in klap op de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)