Dronken Ljouwerter rint tsjin auto op

21 nov 2014 - 10:35

In 26-jierrige dronken Ljouwerter is tongersdeitejûn op de Skrâns tsjin in bergingsauto oanrûn. Hy rekke dêrby ferwûne en moast troch de húsdokter behannele wurde. De 37-jierrige bestjoerder fan de bergingsauto seach de Ljouwerter oerstekken, doe't de fuotgonger ûnferwachts stil stean bleau. De bestjoerder toetere en ried achter de Ljouwerter del. Op dat momint die de Ljouwerter in stap nei achteren en botste tsjin de spegel fan de bergingsauto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)