Dronken kapitein fan Harnzer rederij blokkearret haven

27 mrt 2016 - 08:45
  • Rostock

In dronken kapitein yn tsjinst fan de Harnzer rederij ABIS Shipping, is sneon mei syn skip fêstrûn yn de haven fan Rostock, yn Noard-Dútslân. It 90-meter lange frachtskip blokkearre de yngong fan de haven en moast fuortsleept wurde.

Doe't de Dútske wetterplysje oan board kaam, blyk de man tefolle dronken te hawwen. Hy hie in alkoholpromillaazje fan 1,48. Dit is hast trije kear sa heech as tastien is. Hy moat him ferantwurdzje foar it yn gefaar bringen fan it skipfeartferkear. De identiteit fan de kapitein is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)