Dronken Jouster rydt mei auto troch tún

07 feb 2015 - 13:52

In dronken Jouster fan 47 jier is freedtejûn mei syn auto troch in tún oan de Griene Dyk hinne riden. De plysje krige de melding en trof efkes fierderop in auto mei dêryn de wierskynlike dieder. De man siet efter it stjoer en de motor rûn ek noch, mar de man sels wie te dronken om noch prate te kinnen.

De plysje hat de man syn rydbewiis ôfnommen. Om't de Jouster te dronken wie foar in blaastest, hat in dokter bloed ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)