Dronken jonge skelt plysje út

21 jan 2012 - 14:10

De plysje hat freedtenacht yn Snits in dronken jonge fan 15 jier oanhâlden. Hy waard op de Kleine Kerkstraat oanhâlden omdat er plysjeminsken misledige. Hy hie inkele blikken bier by him en in iepen blikje yn de hannen. Dat is yn it sintrum fan Snits net tastien, dêrom krige er in bekeuring.

Hy moast mei nei it buro omdat er de plysje de hûd fol skold, mar ek dêrnei gie er troch mei skellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)