Dronken heler moat bút ôfjaan

06 maaie 2011 - 12:27

In automobilist (35) út de Jouwer is tongersdeitejûn oanhâlden foar stellerij, heling en dronken riden. De plysje krige in melding dat de man in stellen fyts op 'e karre lizzen hie. Mar letter seagen se dat der net allinnich in stellen fyts, mar ek in stellen loungeset op 'e oanhinger lei. Al it guod is yn beslach naam.

Doe't de man letter op it plysjeburo in blaastest dwaan moast, die bliken dat er ek tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)