Dronken Harkyt ramt lantearnepeal en falt plysje oan

17 jan 2016 - 11:19

De plysje hat ôfrûne nacht in man fan 26 jier fan De Harkema oppakt. De man wie op de Reitsmastrjitte yn syn wenplak tsjin in lantearnepeal botst. In plysje soe him helpe, mar de man naaide út. Doe't de plysje him te pakken krige, foel de fertochte de plysje meardere kearen oan.

Dêrnei flechte de man in kroech yn. Fia de efterdoar besocht er út te naaien. Oare plysjes wisten him lykwols te pakken en oan te hâlden. De man sit fêst. Op it buro die bliken dat er tefolle dronken hie. Hy krijt proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)