Dronken, gjin rydbewiis, drugs

30 nov 2013 - 10:23

In 43-jierrige Drachtster is freedtejûn oppakt foar ferskate dingen. De plysje sette de man oan de kant om't er mei in stikken achterljocht te hurd troch Drachten ried.

De Drachtster joech by de kontrôle it rydbewiis fan in freon oan de plysjeminsken. Nei ûndersyk die bliken dat de man sels gjin rydbewiis hie. Hy wie ek noch dronken en hie harddrugs by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)