Dronken fytser fan de Wâldwei helle troch de plysje

18 des 2015 - 08:25

In dronken Drachtster is tongersdeitenacht ferdwaald nei in krystbuorrel op De Rottefalle en al fytsend op de Wâldwei (N31) telâne kaam. Dêr hat de Drachtster plysje him fan de dyk helle.

De plysje krige fan meardere automobilisten in melding dat der in man op de provinsjale dyk fytste. It die bliken dat de 47-jierrige man dronken en ferdwaald wie. Hy krige proses-ferbaal foar iepenbiere dronkenskip en it feroarsaakjen fan gefaar op de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)