Dronken frou slingeret mei de auto troch Drachten

04 apr 2015 - 13:37
  • Autoride ûnder ynfloed

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 49-jierrige frou út Drachten oanhâlden. Se siet mei drank op achter it stjoer. Se slingere oer de Ringwei yn de rjochting fan 't Noard. Dêr sette de plysje har oan de kant.

Op it plysjeburo die bliken dat de frou te folle dronken hie. Se hat in boete fan 650 euro krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)