Dronken en gjin rydbewiis

25 okt 2012 - 11:16
  • Drank

In 23-jierrige man út Ljouwert is woansdeitenacht yn Ryptsjerk oppakt omdat er te folle dronken hie. Doe't de plysje de man oanhold op it parkearterrein op de Westerdyk die ek bliken dat de man gjin rydbewiis by him hie. Boppedat seach de plysje ynbrekkersark yn de auto lizzen.

De man is meinaam nei it plysjeburo en it ynbrekkersark is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)