Dronken en dwers yn Earnewâld

19 feb 2010 - 11:50
  • De man út De Tike wie dronken en dwers

Foar iepenbier dronkenskip en fersteuring fan de iepenbiere oarder is tongersdeitenacht in 41-jierrige ynwenner fan De Tike oanhâlden yn Earnewâld. De man hie spul krigen yn in hoarekasaak yn it doarp. Meiwurkers warskôgen de plysje. Bûten reagearre de man syn frustraasjes ôf op de plysjeminsken.

Der waard meardere kearen frege oft hy fuortgean woe, mar dat die er net en doe waard hy oanhâlden. Dêrby fersette hy him bot en misledige de plysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)