Dronken Dútsers stelle boat

11 aug 2012 - 13:53

Trije manlju út it Dútske Essen binne sneontemoarn yn Hylpen troch de plysje oanhâlden foar it stellen fan in boat. In tsjûge seach dat de manlju de sloep fan de havenmaster meinamen de Iselmar op. Hy warskôge de plysje dy't mei de rêdingsboat achter de dieders oan gie. Krekt bûten Hylpen seach de plysje de boat en besochten aginten oan board te kommen. De fertochten woene dat net en der ûntstie in fjochtpartij. Ferskate minsken bedarren yn it wetter. Uteinlik koe elkenien út it wetter komme. De sloep is nei de haven sleept.

Ut ûndersyk die bliken dat de fertochten dronken hiene en dat se ek noch guod fernield hiene yn Hylpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)