Dronken Drachtster op Skier

25 jul 2013 - 16:00

In 19-jierrige man út Drachten is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden op fertinking fan fernielings en iepenbier dronkenskip op Skiermûntseach. De man soe ruten ynslein hawwe by in hotel. Gasten waarden wekker fan it lûd fan rinkeljend glês en seagen hoe't de man besocht it hotel yn te klimmen op de earste ferdjipping.

Op it buro is proses-ferbaal opmakke foar de fernielings. Boppedat krige de Drachtster in boete foar iepenbier dronkenskip en moat er de skea fergoedzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)