Dronken dochs wer autoride

09 jan 2012 - 11:07
  • Plysje

In 50-jierrige man út Rutten moast sneintemiddei syn rydbewiis ynleverje omdat er mei drank op achter it stjoer siet. By in kontrôle op de Vissersburen op de Lemmer waard de man oan de kant setten. Omdat de plysje it fermoeden hie dat er alkohol hân hie, moast er mei nei it buro foar in asemanalyze. It die bliken dat de man te folle dronken hie. Hy krige in rydferbod en in proses-ferbaal. Syn rydbewiis waard ek ynnaam.

Letter op 'e jûn seach de plysje de man dochs wer riden. De man krige op 'e nij proses-ferbaal. It CBR sil beoardiele oft de man in alkoholslot yn 'e auto kriget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)