Dronken dearider ried mooglik fierste hurd op A7

25 jul 2015 - 11:02

De ynwenner fan Drachten dy't begjin juny in deadlik ûngelok feroarsake op de A7 by Drachtsterkompenije hat mooglik hurder as 200 kilometer yn de oere riden. Dy konklúzje lûkt de plysje nei ûndersyk. By it ûngelok kaam in 54-jierrige automobilist út Kollum om it libben. Hy waard troch de auto fan de Drachtster oanriden.

Earder waard al bekend dat de fertochte tefolle dronken hie. De Drachtster sit noch hieltyd fêst. De plysje is yntusken klear mei it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)