Dronken Damwâldster oanhâlden

31 aug 2015 - 11:50
  • Alkoholkontrôle (argyffoto)

In 42-jierrige man út Damwâld is sneintemiddei oanhâlden om't er dronken achter it stjoer siet. In tsjûge belle de plysje om't de man slingerjend oer de dyk ried.

Op de Trekwei by Damwâld koe de plysje de man oan de kant sette. Ut in blaastest hat bliken dien dat de man mear as fjouwer kear safolle alkohol op hie as tastien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)