Dronken Burgumer pakt

04 feb 2011 - 11:38

In 51-jierrige Burgumer is tongersdei syn auto en syn rydbewiis kwytrekke omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. It wie foar de tredde kear yn koarte tiid dat de plysje him oer it mad kaam. De man waard no pakt op de Weversstrjitte yn Burgum.

De plysje hat fuortendaliks kontakt socht mei de offisier fan justysje. Dy hat besletten dat de man it rydbewiis en de auto ynleverje moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)