Dronken brommerrider oppakt

08 feb 2011 - 10:11

Op It Hearrenfean is moandeitemoarn in 20-jierrige brommerrider út dat plak oanhâlden, omdat er bot gefaarlik ried. Hy ried mear as santich op de Koornbeurswei, helle in auto yn sûnder rjochting oan te jaan en hâlde gjin rekken mei oerstekkende minsken. Hy ried oer de stoepe en knalde hast tsjin in parkearde brommer oan.

De man waard oanhâlden en doe die bliken dat er tefolle drank op hie. Hy krige dêr proses-ferbaal foar en foar te hurd en gefaarlik riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)