Dronken Bleiswijker ramt lantearnepeal yn Ljouwert

10 des 2015 - 10:33
  • De bestjoerder rekke it paad bjuster

In 37-jierrige automobilist út Bleiswijk is yn de nacht fan woansdei op tongersdei tsjin in lantearnepeal botst yn Ljouwert, hy hie tefolle drank op. De man rekke op de Harnzerstrjitwei by it Europaplein in ferkearsheuvel en knalde dêrnei tsjin de lantearnepeal. Sawol de auto as de lantearnepeal rekken skansearre. De bestjoerder rekke net ferwûne.

Ut in blaastest fan de plysje die bliken dat de man tefolle dronken hie. Hy moast mei nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)