Dronken bestjoerders trapearre

04 des 2006 - 11:00

Trije autobestjoerders binne snein betrape op riden mei drank op. Yn Ljouwert waard in man (34) op de Keizersgracht oanhâlden. Hy hie ek gjin jildich rydbewiis by him. In 39-jierrige stedsgenoate wie sa dronken dat se 13 oeren lang net mear ride mocht. Har rydbewiis is ynnommen.

Fierders is in dronken automobilist 37) út Koatstertille oanhâlden op de Ryksstrjitwei yn Tytsjerk. Hy hie ek gjin jildich rydbewiis by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)