Dronken bestjoerder stelt plysjejas

01 aug 2015 - 10:37

Yn Burgum hat de plysje freedtenacht in bestjoerder (36) út Hurdegaryp oanhâlden. Hy hie op de Oude Commissieweg mei faasje in lantearnepeal ramd en wie dêrnei mei syn auto yn de sleat bedarre. Hy rekke net ferwûne en koe sels út de auto komme. It die bliken dat de man tefolle dronken hie. Hy moast syn rydbewiis ynleverje. Doe't er nei ferhear wer gean mocht, die bliken dat er in plysjejas stellen hie. De plysje koe de man fuort wer oppakke. Hy is ynsletten en krijt in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)