Dronken bestjoerder fan de dyk helle by Beetstersweach

27 okt 2015 - 08:24

In 64-jierrige automobilist út Beetstersweach is sneintemoarn bestraft om't er yn dronken tastân stapfoets op de oprit fan de A7 ried. In plysjefrou yn boarger seach de man riden op de oprit by Terwispel. Op de Beetsterwei sette er de auto oan de kant.

De man is meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er ûnder ynfloed fan alkohol wie. De man is syn rydbewiis kwyt en krige in rydferbod fan 16 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)