Dronken bestjoerder botst

14 mrt 2012 - 10:53
  • Plysje

In ynwenner (42) fan Noardwâlde is tiisdeitejûn oppakt op de Puntersweg yn it doarp. De plysje hie in melding krigen fan in oanriding. De fertochte wie tsjin de achterkant fan in auto oanriden en ried dêrnei troch en botste tsjin in beam. De fertochte en de bestjoerster fan de auto dêr't er tsjinoan botst wie, krigen spul. De man bedrige de frou. Se belle har soan en doe't dy kaam, krige er klappen yn it gesicht. De plysje koe de fertochte oanhâlde, dêrby aksele er tsjin en misledige de plysje. Op it buro die bliken dat er dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)