Dronken automobiliste oanhâlden

07 nov 2006 - 14:10

In 43-jierrige automobiliste út Twizelerheide is moandeitemiddei oanhâlden foar riden ûnder ynfloed. Plysjes seagen har auto stean en tochten dat der net ien yn siet.

Ynienen kaam de frou omheech en woe se de auto starte. Dat gie sa muoisum, dat de plysje har kontrolearre. Derút die bliken dat de frou dronken wie. Har rydbewiis is ynnaam en der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)