Dronken automobilist fan 17

11 mrt 2012 - 14:00

In jonge fan 17 jier is sneontenacht yn Drachten oppakt foar dronken en sûnder rydbewiis riden yn in auto. De plysje seach de auto riden op de Noardkade. Hy foel op om't er in hiel soad reek út de útlit kaam. By kontrôle die bliken dat de auto fol mei lege bierblikjes en bierfleskes lei.

De 17-jierrige moast mei nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)