Dronken autodief oppakt

09 jun 2011 - 11:24

In 19-jierrige man út Sigerswâld is woansdeitenacht oanhâlden doe't hy yn in dronken bui in auto stelle woe. De eigners waarden wekker doe't se in slippende motor hearden. Doe't se nei bûten seagen, hong de man heal út harren auto.

De 38-jierrige man pakte de dief, mar dy koe ûntkomme. Fia it kenteken fan syn motor dy't hy lizze litten hie, koe de plysje de man achterhelje. Se wachten him thús op en hâlden him dêr oan. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)