Dronkelap oanhâlden yn Drachten

26 mrt 2006 - 14:19

Op de Kaden yn Drachten is sneontejûn in man oanhâlden troch de plysje, omdat er dronken wie en ek ûnder ynfloed fan drugs. De man hie yn in kafee west en de eigner hie al yn de gaten dat de man tefolle dronken hie.

Hy besocht de man tsjin te hâlden, mar dy woe dochs fuort. Hy ried mei syn auto oer in betonnen râne en ried dêrnei dwers oer de dyk tsjin in oare auto oan. Dêrnei naaide er út. Letter koe de plysje him oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)