Drones nei Fleanbasis Ljouwert

07 jun 2014 - 14:24
  • De MQ-9 Reaper

De Fleanbasis Ljouwert wol oer in pear jier drones op de basis stasjonearje. De loftmacht hat syn each falle litten op it ûnbemanne fleantúchje fan it type MQ-9 Reaper. Dy kinne op grutte ôfstân bestjoerd wurde, bygelyk boppe it Afrikaanske lân Maly.

De loftmacht wol fjouwer Reapers oanskaffe. Yn 2017 moatte dy dan stasjonearre wurde op de fleanbasis yn Ljouwert. Dan hawwe de earste piloaten de oplieding hân yn Amearika. De komst fan de drones kin betsjutte dat de takomst fan de Fleanbasis Ljouwert foar langere tiid wisser wurden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)