Drone moat seegers yn it Waadgebiet yn de gaten hâlde

06 feb 2016 - 12:34
  • Oanplanting fan nij seegers

Witterskippers wolle mei in drone seegers yn de Waadsee opspoare. It seegers moat werom yn de Waadsee en it is dêrom oanplante. By Gryn komt in hiel nij seegersfjild. It ûnbemanne fleantúchje moat mei spesjale apparatuer seegers ûnderskiede kinne fan oar grien. As de software klear is en de drone de loft yn kin, skeelt dat de ûndersikers kilometers rinnen oer it wiete Waad.

Ferline jier is al ekperimintearre mei in drone by Skiermûntseach. De Radboud Universiteit is by it ûndersyk belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)