Drompels lizze ringriderij dwers

20 jul 2000 - 10:42

De ringriderij yn de haadstrjitte fan Warkum giet fan it jier net troch. Dêrmei wurdt brutsen mei in jierrenlange tradysje. De organisaasje en it pleatslik belang namen dat beslút.

De reden foar it net trochgean fan 'e riderij binne de drompels dy't koartlyn yn de haadstrjitte oanlein binne. It is noch ûnwis oft it hynstekonkoers, dat ek yn it sintrum hâlden wurdt, trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)