Drompels Koatstertille fuort

28 jun 2009 - 12:14

De drompels yn de Alde Dyk by Koatstertille ferdwine wer. Se soargje foar tefolle lûdsoerlest foar de omwenners. Twa jier lyn waarden de drompels oanlein, mar omwenners en ek pleatslik belang wiene fan oardiel dat de obstakels ferdwine moasten.

De gemeente Achtkarspelen is op it fersyk yngien. De trillings en lûdsoerlêst wurde foaral fersoarsake troch frachtferkear. De kosten fan it fuortheljen binne sa'n seistûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)