Drompels De Tille ferwidere

14 aug 2009 - 14:21
  • Op dizze plakken siet koartlyn noch in drompel

De drompels yn de Alde Dyk by Koatstertille binne nei twa jier wer fuorthelle. Frachtferkear dat oer de drompels ried soarge foar tefolle lûdsoerlêst foar omwenjenden. De drompels waarden op fersyk fan omwenners en pleatslik belang oanlein omdat it ferkear faak te hurd ried.

Mar dyselde partijen ha de gemeente no frege om de opstakels wer fuort te heljen. De oanlis en it fuortheljen hat de gemeente hast 10.000 euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)