Drokte yn asyls op dieredei

04 okt 2003 - 00:00

Fanwege Wrâlddieredei is der sneon ekstra drokte by diere-asyls. Op dizze dei wurdt besocht ekstra omtinken te krijen foar it groeiend tal hûnen en katten yn de opfangsintra. Op bistebuorkerij it Bûthús yn Snits koene bern in geitediner gearstalle. Bern meie in spesjaal feestmiel foar geiten yn elkoar sette.

Mei-elkoar binne der yn Fryslân ferline jier hûnderten hûnen en katten mear nei de asyls brocht as de jierren dêrfoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)