Drokte by vuurwerkoverlast.nl

31 des 2012 - 11:18

Yn in wike tiid binne der mear as 400 meldings út Ljouwert binnenkommen by it meldpunt vuurwerkoverlast.nl. Dat meldpunt is in inisjatyf fan Grien Links. Freedtejûn lei it oantal meldings noch op 138. Yn it wykein is dat oantal mear as ferdûbele. Hast de helte fan de meldings giet oer it te betiid ôfstekken fan fjoerwurk, mear as in tredde giet oer hurde knallen. Ien op de tsien melders klaget oer fjoerwurkstress by bisten.

Neffens PAL/Grien Links-riedslid Gerben Hoogterp binne dizze meldings allinnich mar it topke fan de iisberch.

Vuurwerkoverlast.nl is in ynisjatyf fan lokale Grien Links-fraksjes. Lanlik kamen der al 50.000 meldings binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)