Drokte troch moaie waar

02 jun 2003 - 00:00

It moaie waar hat dit wykein foar in protte drokte soarge. It wetter luts en dus wie it drok by de strannen en swimbaden. Dat hie wol wer gefolgen foar it ferkear. By Harns stie it ferkear yn de neimiddei stil nei de ein fan de HT- race fan Harns nei Skylge. It evenemint luts in protte besikers. Rederij Doeksen moast in ekstra boat ynsette. Praktysk alle hotels en campings wiene dit Himelfeartswykein folboekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)