Drokte by Tall Ships bliuwt út

05 jul 2014 - 13:31
  • Skûlje foar de rein oan board fan it Russyske opliedingsskip Mir
  • Fanwege de rein is it minder drok as ferwachte

De foar sneon ferwachte drokte by de Tall Ships Races yn Harns bliuwt út. Dat seit de plysje. Oarsaak is it minder moaie waar. Sneontemoarn wie it noch droech yn de havenstêd, mar sûnt it begjin fan de middei reint it. Letter op 'e dei wurde wer droege perioaden ferwachte. Neffens de plysje ferrint it evenemint oant no ta sûnder grutte problemen.

De ynsidinten dy't der binne, komme oerien mei in gewoan wykein. Ek grutte ferkearsproblemen bliuwe út. De plysje surveilleart yn it sintrum fan Harns op fytsen en hynders.

Om de stêd hinne wurde benammen motorplysjes ynset. De Tall Ships Races binne snein ek noch. Fanwege it minne waar moast ek it programma oanpast wurde. It konsert fan de Marinierskapel mei Ellen ten Damme moast fanwege it reinwetter útsteld wurde. De organisaasje besjocht de situaasje om it kertier en besiket alles safolle mooglik trochgean te litten. De middenstân yn Harns docht goeie saken mei de drokte yn de stêd. De ûndernimmers binne tefreden, al hienen guon krekt wat mear ferwachte fan it oantal besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)