Drokte slachters troch barbecues

10 aug 2004 - 15:37

De slachters yn Fryslân draaie oeroeren mei it moaie waar. Elkenien wol oan de barbecue. Yn stee fansels om te griemen mei spiritus, koal en wiffe barbecues, lit de moderne fleisskroeier him it fleis en de barbecue thús besoargje.

Slachter Pals Wagenaar fan Garyp wurdt ek wol de barbecuekening fan de Wâlden neamd. Neist it wurk yn syn twa winkels is er ek noch wol 4 oeren deis dwaande mei it suteljen en skjinmeitsjen fan de barbecues en pankoekspannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)