Drokte by reedfabryk Zandstra

17 jan 2013 - 09:49
  • Reedfabryk Zandstra
  • Reedfabryk Zandstra

It is dizze dagen drok by de firma Zandstra op 'e Jouwer, ien fan de twa grutte redens-produsinten fan Nederlân. Zandstra hat it foaral drok as der natoeriis leit. De belangrykste klanten fan Zandstra binne sportsaken en oare winkels dy't redens ferkeapje. Sy binne wend om sels har bestellingen op 'e Jouwer op te heljen.

Fanwege de snie yn it midden en suden fan Nederlân kamen tiisdei allinnich mar klanten út it noarden nei De Jouwer. Mar no't de winter noch even oanhâldt ferwachtet Zandstra ek de klanten út it midden en suden fan Nederlân.

It reedfabryk ferkeapet dizze dagen foaral in soad berneredens en toerredens foar op natoeriis. It fabryk hat foarearst noch foldwaande redens op foarried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)