Drokte by opbou festival WTTV

15 jul 2014 - 19:16
  • Matriaal dat nedich is foar de opbou
  • Der wurdt drok wurke op it festivalterrein

Der wurde dit wykein seistûzen minsken ferwachte op it festival 'Welcome to the Village' yn Ljouwert. It festival is noch net útferkocht. Der binne noch in pear hûndert kaarten beskikber. By de opbou tiisdei moasten de frijwilligers yn de rein wurkje. Dit wykein wurde hege temperatueren ferwachte, mar neffens de organisaasje lizze de draaiboeken foar dizze waarsomstannichheden klear.

Om ferkuolling te sykjen is der de mooglikheid om te swimmen op it terrein. Ek is der fergees wetter beskikber.

'Welcome tot the Village' wie ferline jier foar it earst. Freedtemiddei begjint it festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)