Drokte op ynformaasjemerk oer komst AZC It Hearrenfean

24 nov 2015 - 17:49
  • Ynformaasjemerk oer komst AZC nei It Hearrenfean
  • Ynformaasjemerk oer komst AZC nei It Hearrenfean
  • Ynformaasjemerk oer komst AZC nei It Hearrenfean
  • Plysje en bewaking by it Abe Lenstrastadion dêr't de ynformaasjemerk wie

It is drok op de ynformaasjemerk op It Hearrenfean, dêr't minsken harren byprate litte oer de komst fan in AZC. Dat soe komme moatte op de hoeke fan de K.R. Poststrjitte en de Weinmakker. Der kinne 600 minsken opfongen wurde.

Besikers fan de ynformaasjemerk reagearje ferskillend. Guon binne der flak foar en wolle ek wol frijwilliger wurde. Minsken yn de wyk dêr't it AZC komme moat, binne wat minder entûsjast. Earder wie der yn har buert ek al in plan foar in jeugdfinzenis. Se hawwe it gefoel dat sy altyd 'de pineut' binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)