Drokte op Waadeilannen mei trekfûgels

17 okt 2015 - 12:08

De Waadeilannen belibje op it stuit in ynvaazje fan fûgels út Skandinavië. De hjersttrek fan fûgels út it noarden wei liket echt goed op gong te kommen en de Waadeilannen binne in wichtige, faak earste halte op wei nei in waarm plakje om te oerwinterjen.

In diel fan de fûgels hat der langer oer dien om't se achter in gebiet mei in soad rein kamen te sitten. De fûgels dy't op de eilannen oankomme, binne wurch neffens boskwachter Joeri Lamers fan Steatsboskbehear op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)