Drokte op tal fan krystmerken yn Fryslân

12 des 2015 - 15:19

Rûnom yn Fryslân binne dit wykein tal fan krystmerken, fan lyts yn Aldegea oant grut yn Harns. Op de 'Zoutsloterkerstmarkt' steane dêr in soad kreamkes en der is muzyk.

Yn Wolvegea is ek in merk en yn Bûtenpost is in spesjale Charles Dickens krystmerk. Yn it sintrum op It Hearrenfean is ek in krystmerk. Dêr binne net allinne winkels en kreamkes yn krystsfear, mar der is in tema dit kear. De merk stiet yn it ramt fan it jier 1965.

UPDATE: De Zoutsloterkrystmerk yn Harns slút om 18.30 oere yn ferbân mei de swiere stoarm dy't foarsein is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)