Drokte op plysje-bike-dei

19 sep 2013 - 11:57

Mear as 400 plysjebikers út binnen- en bûtenlân dogge woansdei op It Hearrenfean mei oan in grutte plysjeoefening. It giet om de nasjonale politie-bike-dag. De bikers oefenje hoe't se mei harren fyts in groep relskoppers yn bedwang hâlde kinne, mar ek hoe't se in fertochte mei in wapen oermeesterje kinne. Dat bart by it Abe Lenstra Stadion, mar ek yn Thialf, de sporthal fan Sportstad Heerenveen en de bosken fan Oranjewâld. Der dogge fytsers mei út Nederlân, mar ek út Dútslân, België, Switserlân en sels Israël.

It is de tsiende kear dat der in oefendei foar plysjeminsken op 'e fyts hâlden wurdt, mar de earste kear dat der yn Fryslân oefene wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)